De Dompelaar. Romantitel?

Sjoen it oantal reaksjes op facebook en twitter binne der noch altyd in soad minsken dy't witte wat in dompelaar is.





In prachtich stikje ark. Ik wit net iens oft se hjoed-de-dei noch te krijen binne. Dit is in eksimplaar dat heit en mem altyd brûkten om de molkersdoekjes út te kôkjen. Siede is in wurd dat wy nea brûkten. Kôkje. Dat sil wol troch de Gaasterlânske roots komme. Neffens my kôkje se dêr mear as dat se siede. 

Juster ha wy de tinte oprêden. En doe wachte ús in goare ferrassing. De katten hienen de binnentinte ek ûntdutsen, en as kattebak yn gebrûk naam. Soks freget om drastyske maatregels. De brot yn in grutte bak dy't oars mei in wetterleelje der yn op it terras stiet, en de dompelaar yn de stroom. Utkôkje, mei Biotex. Tsjin âlven sea de boel, doe in nacht stean litten en niis op 'e line.

Soe in moaie titel foar in roman wêze, betink ik no samar. De Dompelaar. Gjin idee hokker stoarje dêr by passe soe, mar de titel is pakkend. 

 

Reacties

  1. Soe it as moardwapen brûkt wurde kinne?

    BeantwoordenVerwijderen
  2. In 't Vlaams bestaat 't woord "dompelaar" ok, en dan betekent 't soawat as "êrme drommel".
    Mar ja, êrme drommels kinne in 'n boek fansels om hokker reden dan ok, òk doad gaan...

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen