Boeken ferkeapje, wa kin it noch?



Ha, it is septimber, de blêden falle hast wer fan de beammen en hupsakee, de Fryske skriuwers en tinkers wurde wekker út de simmersliep. Dat stiet garant foar diskusje. Op Facebook, blogs en op strjitte, as guon fan dat eigenaardige slach folk elkoar moetet.
Moai foar it Frysk yn it algemien. Hoe’t je it ek besjogge, negative reklame is ek reklame, no?

It sil wêze omdat ik út in keapmansfamylje kom, myn pake stie te boek as paardenhandelaar, mar op bepaalde punten kin ik wol wat meigean yn de krityk. It liket wol oft moat elts hjir yn Fryslân opnij leare hoe’t se in boek oan de man/frou bringe moatte. It moat dochs net gekker.

Ja, Abe de Vries, we stienen yn Stiens njonken in bak muzikaal lawaai. Ja, yn de Prinsetún wie dat net oars. Ut de gek sei ik tsjin Ate Grijpstra, dy’t njonken my siet: ‘Se wolle graach dat it Frysk wer hip wurdt. As we no net hip binne, wit ik it ek net mear.’ Dit alles ûnder funkmuzyk. En net fan de minste soarte.

Mar myn punt is dat we der stienen. In boek skriuwe en dêrnei rêstich ôfwachtsje wat it docht yn de winkels? Dy tiid is foarby. It sil oars moatte.

De buorlju yn de Stellingwerven ha wer in tige slagge sutelaksje, mar dat wurd mei ik hjir net sizze. Dan springt de heale Bûterhoeke my op de nekke. Mar it feit leit der dat je boeken (en dan net allinnich Frysk wurk, ek it Nederlânske proaza sit mei dit probleem) de minsken nei de kont sjouwe moatte. Sichtber wêze, tiid foar in praatsje ha, posters, flyers en wit ik wat. En de skriuwer sil der tiid en enerzjy yn stekke moatte. Kollega Hilda Talsma wie by it feest op de Veenhoop. Net omdat se dêr 100 boeken ferkocht, mar om sjen te litten wat se docht.

Ik leau dat kommende 30 septimber yn it ramt fan de iepening fan Abe Bonnema syn orgasme op It Saailân, in grutte boekemerk is. Stiet Boeken fan Fryslân dêr ek? En sa ja, wêrom raze se dat dan net op Facebook, Twitter en de oare media?  

De ferkeap fan boeken is net op stjerren nei dea. De organisaasje dy’t it dwaan moat mei wol hast reanimearre wurde. It griist my oan, as pakesizzer fan in keapman. Der foar, ferdikke. Doch wat. Oan ús sil it net lizze. 

Reacties

  1. Ik begryp út noch yn net dat der neat mear oan dien wurdt. Ik ha djip respekt foar jim dat jim de boeken sels oan 'e man/frou bringe, mar yn wêzen moast soks oars regele wurde.
    En wat dy SUTELAKSJE oanbelanget: dat wurd kin my net faak genôch neamd wurde. SUTELAKSJE SUTELAKSJE SUTELAKSJE SUTELAKSJE SUTELAKSJE (ensafh)..........

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen