Begraffenis

Krekt efkes op begraffenis west. It wie in koarte plechtichheid. It kaam der op del dat ik de doar fan it hinnehok iependie, de deade hoanne by de sturt pakte en him yn de kliko smiten ha. Kompostearje mar.

It is alle kearen wer spannend oft se de rui trochkomme. Dy Fryske hinnen binne frijwat trochfokt, en dus net sa sterk. De wytweiten giet noch wol, mar de gielwytweiten binne samar dea. No ja, wat sille wy der fierder oer sizze? De iene syn dea is de oare syn brea. Oepke moat der no mar mei rêde.

It soe samar kinne dat dit net it lêste slachtoffer wie. It is op 't stuit mar in earmoedich protsje guod, dy hinnen. Krekt as it waar. As it aanst winter is, sitte se wer kreas yn 'e fearren, de hjerst is gjin tiid foar hinnen. En ek net foar harren baaske. Je soenen der mankelyk fan wurde.

Lokkich is it de Moanne fan it Fryske boek, dat skuort jo der troch, no?

UPDEET

Sa sjocht ús skutting der út.



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen