Yn memoriam: Vladimir Yevgenyevich Krutov


Ien fan myn jeugdhelden is dea. Yn de tiid dat je noch net alles streekrjocht op de TV en op ynternet sjen koenen, wie der noch romte foar mytefoarming. Ien dêrfan wie de KLM-line yn it Russyske iishockey. Krutov, Larionov en Makarov. Se kamen út de hurde learskoalle fan CSKA Moskou, ûnder lieding van de romrofte coach Viktor Tikhonov. It Reade Leger, sa't se de nasjonale ploech fan de CCCP doe neamden, wie hast net te ferslaan as dizze trije mannen op it iis kamen. Doe't Ruslân letter wat iepener nei de wrâld stie, kaam al gau it grutte jild út de National Hockey League yn byld. De KLM-line waard útelkoar kocht.Vladimir Yevgenyevich Krutov gie foar in berch jild nei de Vancouver Canucks, mar makke dêr nea de ferwachtings wier. Ien jier mar spile er yn Kanada, doe ferdwûn er nei Switserlân en letter Sweden. Twa kear olympysk goud, fiif kear wrâldkampioen en sân kear Europeesk kampioen. Algemien sjoen as de bêste oanfaller ea, tegearre mei The Great One, Wayne Gretzky. De Tank, sa't syn bynamme is, libbet net mear. Juster ferstoar er oan in blieding fan de mage, noch mar 52 jier jong.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen