Woansdei

Samar in woansdei.

De FNP wol it WK sportfiskjen foar froulju stypje. Fiele jim wat ik fiel? Binnen no en twa dagen steane der ynstjoerde stikken yn de LC fan de fêste kollumnisten. Dy binne net djoer en wolle altyd wol kopij oanleverje. Nammen? Lês de kommende dagen de krante mar. Dit is in ynkopperke.

Amsterdam wol de Olympyske spullen 2028. It beslút falt al yn 2023, wurk oan de winkel dus. Ik siet efkes nei te tinken hoe âld ik dan wêze sil. Yn 2028. Eh...

De SGP wol twa euro's. Ien foar it noarden en ien foar it súden fan Europa. Is dat gjin diskriminaasje? Noch mar efkes oer neitinke. 

Wander Blaauw tikket € 272.000 yn it jier ôf. Soarchsum typke. Foaral foar himsels.

Yn de Haske ha se in dealer oppakt. Fariant op it ferske: Yn de Haske hinget in dealer yn de beam.

De Fryslân Flyers ha in nije koach, en se wolle wer kampioen wurde, skriuwt de Omrop. Koach? Wat is dat no wer? Docht my oan in supermerk-keten tinken. It Frysk wurdboek bringt gjin oplossing. Komkommertiid, sille we mar sizze.

As jo nei de dokterswacht geane, moate jo dat foar in part sels betelje, omdat de dokters fine dat jo jo oanstelle en bêst oant de oare dei wachtsje kinne. Krekt of flean ik foar de wille nei Drachten. Wite maffia.

No, sa ha we de hichte wol wer, it nijs leit wer op 'e dyk. Is der ek noch wat fleurichs te melden? Jaaaa... grif,... ik bin drok oan it googeljen, mar kom sa fluch neat tsjin...  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen