Waan(sin) fan de dei

Lokwinske, minsken! Jim binne hjoed samar út de resesje klommen. Is 't net in pracht? It soe wol wêze kinne dat we der nije wike wer ynsitte, hear. De waan fan de dei en de planburo's kinne ús meitsje en brekke.

It is werklik om fan te gûlen. Witte dy djoer betelle rekkenwûnders wol hokker ferantwurding se ha? We wurde platsmiten mei besunigings, omdat we yn in resesje sitte. De twadde keamer en de geil op lekker nijs media dogge oars net as ús de put yn prate, Brussel foarop.

Komt der op samar in tiisdei sa'n hapsnurker fan wer in oar buro en dy seit dat we net yn in resesje sitte. Moai, kinne al dy ekstra lesten dan ek daliks wer weromdraaid wurde? We sitte net yn in resesje, no? Dus is der neat oan de hân.

Is miskalkulaasje ek in misdriuw? Dan meie se wol in ekstra finzenis bouwe foar al dy snelle jonges dy't der meielkoar foar soargje dat wy ús de blubber wurkje en as we der mei ophâlde daliks mar dea gean moatte. Jo binne net redabel mear as jo konsumearje en net produsearje. Sels ha dizze hearen dêr gjin lêst fan, sa goed rekkenje se dan wol wer.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen