To like

Dy bloch fan juster hat gâns diskusje opsmiten. Feestboek en twitter hienen it der mar drok mei. Dus hjoed tiid foar wat oar praat, oars wurdt it mar saai.

Feestboek hat in knop dy't je yndrukke kinne as je yts aardich fine. 'To like', hjit dat. Om yn de sfear te kommen hjir in oantal saken dy't dochs wol fetber binne om te 'liken'.

1: Agnes Jongerius wol net de polityk yn. Moai. Der is mar ien Ien Dales, dy moatte we net kopiearje wolle.
2: Michel Breuer is de meast besprutsen fuotballer fan it EK, wylst er net iens meidocht. Moai. Persoanlik fûn ik syn Ierske bynamme wol in toppertje. O'Breuer.
3: Neffens my ha we fierwei de kâldste simmer fan de ôfrûne 20 jier. Moai. Waakst it gers ek net sa hurd.
4: Ik ha hjoed wer in boek ferkocht. Moai. No dy oare 998 noch...
5: No't Doutzen allinnich noch mar Ingelsk twittert ha se Iris mar chartere. Moai. Dat smyt minder kilometerûnkosten op.
6: De Omrop is nei Sweden west. Moai. Wenje hjir ek Sweden útsein de balskoppers fan It Feen?
7: Myn airco docht it wer. Moai. Net dat je him brûke moatte, mar it idee jout in stikje rêst.
8: Snein is it heitedei. Moai. Dêr dogge jo it foar, no?
9: De pimpelmiezen binne hast fleanklear. Moai. De kat sit al dagen te wachtsjen.
10: Moarn ha we hjir optocht. Moai. Ik bin oan it wurk...

Sa sjogge jo mar wer, genôch saken om te 'liken' yn de wrâld. As je se mar sjen wolle.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen