Stikeljarre

Wêrom binne der stikels? De geiten en de guozzen wolle se net frette, se waakse as in gek en as je der mei bleate hannen as fuotten yn om reagje ha je in dei jokte.

In pear kear yn 't jier mean ik se plat. Nei myn trauma fan ferline jier http://stikelstekker.blogspot.nl/2011/06/je-ha-fan-dy-dagen.html, jim sille it grif noch witte, bin ik tige hoeden. Sawol mei it hageknippen as mei it stikelmeanen.

Mar dy stikels ha wol in doel. Efkes googelje en je komme fan alles tsjin. Flinters lizze aaien op stikels. Je kinne der tee fan sette. Foar hynders skine stikels ek goed te wêzen. En eartiids krigen we se thús troch it sop.

Mar je kinne der ek jarre fan meitsje. Sjoch, dat wist ik dan wer net. Wol dat it koe, mar net dat it in doel hie. Stikeljarre. Op dizze side: http://www.eco-weide.nl/blog/het-nut-van-brandnetels.html is it prosedee nei te lêzen.Sa skynt der in oar ljocht oer stikelstekke. Dus.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen