Spanning

No, moarn! Hjoed is in aparte dei, ik moat nei de rjochtbank.

Willem de Vries frege my juster op de radio yn Noardewyn, oft ik ek lêst fan spanning hie. Ik ha my dêr fansels manhaftich fan ôfmakke troch te sizzen dat der in sûne wedstriidspanning te fernimmen is. Ahum...

Ik ha it mar net oer kâlde hannen, pine yn 'e kop, trije kear deis nei it húske en oardel liter sterke drank deis hân. Hokker soarte makket op 't lêst neat mear út, je sette oan de hals wat der is. Mar fierder? Nee, neat te rêden hear.

En no sûnder gekheid, fansels binne je wat oars as oars, dat liket my minslik. Mar ik ha der nocht oan, in tredde roman fielt hast net oars as de earste. It soe samar wêze kinne dat hjir jûn in updeet op folget. Doei!

Updeet: de updeet komt moarn.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen