Rammestrûp

De pedofilen klup Martijn is troch de rjochter ferbean. In feriening dy't eins nea bestean moatten en mochten hie.

De histoarje fan omgrieme mei lytse bern is lang, helaas. Griken, Romeinen en Perzen makken har ek al skuldich oan dizze foarm fan mishanneling. Sterker, it wie dêr min ofte mear algemien akseptearre. Moaie wurden lykas minnaar en relaasje brûkten se dêr.

Hoed-de-dei komme foaral de misstannen yn de Roomske tsjerke oan it oerflak. Sa kin ik noch wol efkes trochgean, dizze ellinde is fan alle tiden en komt yn alle fermiddens foar.

In klup dy't ditsoarte tsjustere saken ferhearliket moat ferbean wurde. Dat wol net sizze dat it misbrûken fan bern dan ophâlde sil. Der skine sike idioaten om te rinnen dy't it tige aardich fine om te sjen dat in ûnskuldich famke fan fiif troch in keardel misbrûkt wurdt.

Foar sokken wienen de straffen dy't se eartiids brûkten no ek noch op syn plak. Rammestrûp der om hinne en ophysje mar. En oars?

No sa.

Reacties

  1. Bytsje maklik, sa'n oplossing. Mar goed dat der wetten binne. Lit ús dy mar moai tapasse en de emo-reaksjes foar de blochjes bewarje.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen