Robotmeaner as feilige haven
It is hjoed in moaie dei, want niis ha ik offisjeel it gersmeanen fan it jier 2024 op ús hiem as klear ferklearre. Net dat ik dêr in soad oan dien ha, ús robot rêdt him dêrmei. Soms is er even it paad kwyt, mar meastentiids docht er it prima. In jier as wat lyn ha ik de flater makke om it apparaat foar it opromjen mei de hegedrukspuit skjin te meitsjen, mar dat wie gjin goed plan. De monteur hat er de oare maitiid nochal wat wurk fan hân om him wer oan de praat te krijen. Dus moast ik him drûch skjinmeitsje, mei perslucht. Doe't ik de kappe der ôf die om ek in binnenwurk skjin te meitsjen, bliek dat de robot dizze simmer mear taken op him naam hie as allinnich meanen. Yn it motorkompartimint wie in prachtich moai nêst makke dêr't neffens ús in fjildmûs de hiele simmer gebrûk fan makke hat. Oan de restanten fan wat er nei binnen sleept hat meitsje ik op dat der ek jongen yn op de wrâld kaam binne. Dy't dus as yn in buggy in kear as wat yn de wike oer ús hiem riden binne. Du...

Jûn Ferdinand,
BeantwoordenVerwijderenFannemiddei yn dyn 3e boek begûn en ik haw it mei nocht lêzen, om 22.30 oere hie ik it út. It rint as in trein, tagonklik en it hâld de oandacht goed fêst. Fansels binne d'r ek wol wat lytse dinkjes, faaks hearst dy noch wolris fan my, dat hoecht hjir net yn it iepenbier op. Mar oer it algemien: myn kompliminten, as ik it fergelikenje mei in oare Fryske thriller/detektive dy't ik koart lyn lêzen haw, hie my dit stikken mear yn 'e besnijing en wie it ek hiel wat leauweardiger. Noch tank foar de útnoeging freed.
groetnis Nynke
Tank! As alle resinsjes sa binne, doch ik it der foar!
VerwijderenHoi Ferdinand,
BeantwoordenVerwijderenDe kop is der ôf. Ik ha no de earste twa haadstikken lêzen. It boek is skreaun mei faasje en de earste deade al op side 20. Net ferkeard foar in misdieroman!
Groetnis fan samar in lêzer,
Symen