Pirnenka, de superman fan Itaalje

No, no, wat in wedstriid juster. Ha jimme jim ek sa fermakke? Yndie, der wie gjin sek oan. Je meie it net sizze, mar wat is dat Dútske âlvetal dan in geniet om nei te sjen. Ik leau net dat we juster de kampioen sjoen ha.

Wie der dan echt neat oan? Jawol. Ien spiler wie de muoite wurdich om oant healwei tolven sitten te bliuwen. Andrea Pirlo. Sieraad foar de sport. We ha it hjir no net oer jild, mar gewoan oer hoe't er spilet. Rêstich oan de bal, oersjoch, in pracht.

Doe't de ferlinging dien wie, soenen de Ingelsken wol efkes de pengels winne, want dêr wie op oefene. En doe kaam it. Dy keeper die in clown nei. En hy lake, sa fan: ik bin hjir de man. Doe kaam Pirlo nei de stip. Ha jimme it sjoen? Ynearsten woe er him gjin blik weardich karre, mar omdat de Joe Hart him sa oanstelde seach er him efkes oan. En doe wist ik al dat Itaalje winne soe. As blikken deadzje koenen, hie Ingelân no om in nije ballefanger út moatten.

Sa gemien kin allinnich in Italjaan sjen. En Pirlo betocht hoe't er dy keeper it aaklichst yn de bleate kont sette koe. Mei in Panenka. De keeper sweeft nei de hoeke, en mei in wipperke dy't ien út de F'kes wol keare kinnen hie, skeat Pirlo dwers troch it midden rekke. Dat wie de klap. By de folgjende Italjaan lake Hart net mear, en gie it mis. Sjoch it mar nei op YouTube.

Pirlo hat de searje wûn, trochdat Hart him lyts meitsje woe. Foutje, bedankt. Niet meer doen, Hart. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen