Nijs!

Ut tige betrouwbere boarne hearde ik dizze moarn hot news. Dat gie oer ôfrûne snein, dus soenen je it âld nijs neame kinne, mar omdat ik it hjoed foar it earst hearde, wie it foar my nij nijs.

It skynt sa te wêzen dat der in aardich oantal heiten neist in moarnsbrochje noch wat krigen ha. Jo moatte oeral jo tentakels útstean ha om soks te witten te kommen.
Dy boarne fertelde my dat se yn in net neier te neamen boekwinkel hast lamme hannen krigen ha fan it ynpakken fan De Lêste Trúk. Lit ik dêr no in lyts belang yn ha... Dus: alle heiten dy't sa'n kado krigen: lokwinske der mei. Dy frou en bern fan jo binne net ûnnoazel, dat sil ik jo sizze!

Skande dat de kommersje mar ien heitedei yn it jier útskreaun hat. It soe foar de oplage fan mannich Frysk boek goed wêze om soks bygelyks ien kear yn de moanne te dwaan. Sa fan: Och heden, no is it al wer heitedei. Mar efkes nei Bol.com, sjen oft der noch in boek foar de âldman is. Thús besoargje oanfinke en klear is 't.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen