Nij boek

'Ast dan sa oan it wurk bist, tinkst dan nei oer in nij boek?'

Dat frege immen my hjoed, en hy wie net de earste. It skynt foar in soad minsken in mystearje te wêzen hoe't je ta it skriuwen fan in boek of in ferhaal komme. Eins is dat ek wol wat sa. Der is neat, dan ha je in idee en in skoft letter leit der mei wat gelok in manuskript.
De tiid en drokte dy't dêr tuskenyn sit, krije de lêzers en net lêzers yn 'e regel net folle fan mei. It stille wurk, sis mar. It opsykjen, it neilêzen, it skriuwen en skrassen, it fertwivele omrinnen as der in fikse blokkade yn de kop sit. Ik soe ek de ekstra liters en pakjes tabak neame kinne, foar guon ek wol werkenber, nim ik oan.
En dan fansels de tiid fan wachtsjen as je it nei in útjouwer brocht ha.Witte se neat fan, de minsken.

Lit dat ek mar moai sa bliuwe. It moaiste fan skriuwen is it skriuwen. Foar my, teminsten. As je yn de holle it ferhaal rûn ha, en dat it dan slagget om it der yn ien kear út te rammeljen. Machtich. De tiid derfoar en dernei is my neat wurdich. Pas as de post mei in doaske boeken oan de doar komt, is der koart in soarte fan Yes!!! gefoel. Ek dêr krije de lêzers neat fan mei.

Iensum wurk dus, mar as it wat wol? It moaiste dat der is.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen