Mei de hel yn 'e bealch út it FEC

Wat in boeken yn it FEC. Boekenfestijn. Tsien oere stienen myn frou en ik al foar de doar, de airco fan de RamVan wie ter repararaasje oanbean op industryterrein de Hemrik, dat sadwaande wie ik al betiid yn De Hoofdplaats.

En der wie dizze kear yn de grutte romte ek in taffeltsje mei Fryske boeken. It foel op, tsjin de muorre oan, daliks as je de hal yn kamen. Der hong net in foarprinte spandoek boppe, mar in A4ke mei Fryske literatuer as tekst. Net sa slim, want der binne my in oantal saken opfallen. Ik hie nei de rintocht fan de Hemrik, lâns de Marwei rjochting it MCL, driuwend ferlet fan kofje. Sa koe ik de boel moai yn de gaten hâlde. Wat die bliken?

1: De minsken rinne as in spear by de boeken del. Der is hast tefolle om yn josels op te nimmen.

2: Utsûndering op dizze regel wie it taffeltsje mei Frysk. Ja, jim lêze it goed. Fansels binne der party minsken dy't trochrinne as se sjogge dat it Frysk is, sy sille it net lêze kinne. Mar dyselden dy't stean bleaunen, wienen tige interessearre. Se krigen it iene nei it oare boek op, en liezen de omkaft.

3: Nee, se wienen net fan de jongsten. Mar de tiid dy't se gemiddeld spandearren foar dat lytse plakje mei Frysk wie yn prosinten folle heger as by al dy rigen oare boeken. En se namen ek guon mei. Fan Guozzeflecht yn elts gefal 2 yn it earste oere dat de toko iepen wie. Net min, liket my.

Mei in stien yn 'e mage bin ik fuortgien. Eins mei de hel yn 'e bealch. Der is wol belangstelling foar Fryske boeken! Mar it soe ferhipte handich wêze as se ris earne sichtber makke waarden. Yn in kream, sa dat de minsken se sjen, fiele, rûke en keapje kinne. En no soe ik in raar wurd opskriuwe, mar dat mei net.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen