Langstme

Niis in slach de Feanhoop om west. Mei de auto, as oplaad-terapy. Dy nijerwetske masines wolle net dat jo ûnder it wurk de doar iepen en de radio oan ha, dat straffe se daliks ôf mei in lege akku. De startkabels moasten der oan te pas komme, mar we tuffe wer. Efkes in ein om, sadat de dynamo de boel wer op oarder bringe koe.

Lege fjilden dêr om de Feanhoop hinne. Hjir en dêr in boer oan it wurk, mar myn gedachten dwaalden ôf. Hoe soe it mei de tûzenen guozzen wêze, dy't winterdeis op dy greiden sitte? Soenen se al jongen ha? Is it waar yn Estlân, Letlân en Ruslân wat knap of spiele de aaien dêr ek fuort? We binne no mids juny, dus oer in pear moannen komme se dizze kant wer út. Fine jim soks no net in wûnder?

Tink ris yn, jo binne in domme gâns, mar witte wol hoe't jo sûnder TomTom earne in pear tûzen kilometer fierderop komme moatte om in geskikt plak te finen om te brieden. En hjerstmis, as de froast der oan komt, geane jo op de wjukken en fleane wer in pear tûzen kilometer om úteinlik hjir oan te kommen. Ik bliuw it in merakel finen.

En ja, dy dei dat ik se wer oankommen sjoch en se heech boppe yn de loft oan my roppe, kin om my net fluch genôch komme.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen