Lang libje de gemeente Jeruzalem!

 

In opmerklik berjocht yn de krante hjoed. De gemeente Jeruzalem hat lykas grif in hiel soad Friezen skjin har nocht fan hûnestront. Ik bin ien fan dy Friezen. As ik mei de boskmeaner wer ris noflik troch sa'n braad hinne feech, ferflok ik it bist en syn baaske. Wêrom? Omdat ik de drek op it gesicht ha, yn it hier en op de klean. En dat stjonkt merakels.

Yn Jeruzalem binne se der ek klear mei, en daar hebben we het volgende op gevonden. Lang libje it DNA! Alle (minstens 11.000) baaskes moatte mei in wattestaafke it DNA fan harren ekstra bern ôfnimme, en dat ynleverje. As der dan immen in bult stront op de dyk lizzen sjocht, wurdt de databank neisjoen en kin de dieder op in boete fan 750 Shekel rekkenje. Dat is yn it monopoly-jild dat wy hjir brûke €155. Per oertreding. Wetterticht systeem, en ik woe der mar foar pleitsje om dat hjir daliks yn te fieren. Wy ha altyd in hûn hân, mar it ûnfatsoen dêr't guon hjoed-de-dei mei in eigenwiis gesicht de hûn flak foar myn hiem in grouwe brune draaie litte is walchlik. En o wee as je der wat fan sizze. Der binne ek in soad dy't de brot wol kreas opromje, mar dy ha gjin lêst fan sa'n maatregel. Ik ha neat op in hûn tsjin, mar wol op it baaske dy't der foar soarget dat ik in kear as wat yn de wike oan it stronthappen bin. Ik ha wol oare hobbys.


http://lc.x-cago.net/20120612/pages/NO01004/articles/LC-20120612-NO01004007.jpg

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen