Ko fan stâl

It mei in wûnder hjitte dat ik noch libje. Niis nei in spesjalist west. Poeh.

Der wie net folle goeds mear, minsken. Myn wervels lykje op in koarkelûker, it bekken stiet sa bryk as in hispel en der sit earne in 'gemene' draai yn. No, ek goeiemoarn. Dy keardel is hast net te besetten, sa drok hat er it. Allegearre folk dat lykas my krekt boppe de 40 is, en mient dat der fan alles oan mankearret. De Mercedes op de oprit sei in soad. Ergonomysk prima fersoarge stuollen, nee, dizze knaap hat it foarelkoar. Hy timmere my wat mei in hammer op 'e lea om en knypte ta. Dat moat, sei er. Undertiid woe er it oer it fuotbaljen ha, mar ik begûn daliks oer Breuer, doe wie er stil.

Ferfolchtrajekt is noch fjouwer kear hinne. In ko fan stâl, want ditsoarte minsken wolle se by de soarchfersekerders eins net kenne. Dizzen skine nammentlik wolris sukses te hawwen, dat sadwaande. As alles neffens plan ferrint bin ik oer fiif wiken wer sa rjocht as in lineaal, docht de poat en de earm wer wat ik wol dat er docht, kin ik wer op de lofter side sliepe en rin ik oer fjouwer jier de Slachte. Oeps, wat ha 'k no sein?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen