Klantebining

Omdat je oan klantebining dwaan moatte ha ik juster yn de boeken dy't ik ferkocht ha in boekelizzer dien mei it adres fan stikelstekker.blogspot.com. Foar de skerp opmerksume lêzer wie al helder dat rjochts boppe-oan de side ek al in lytse feroaring te sjen is, en ferdikke noch oan ta, it docht fertuten! In net neier te neamen persoan hat my daliks yn in mail sein dat er myn boek keapje wol. In aardichheid dus.

Foar dyselden dy't hjoed foar it earst dizze Fryske side besykje: Wolkom! Yn it argyf hjirnjonken is te sjen dat der al gâns ûnderwerpen de revu pasearre binne. Omdat de measten fan jim fansels daliks ferkocht binne, efkes in tip. As hobbyprojekt bin ik dwaande om in roman yn parten op it web te setten. Dus set dizze link: http://stikelstekker.blogspot.nl/ yn de favoriten, en hâld de boel skerp yn 'e gaten. De earste ôfleverings fan De útwedstriid, sa 't it ferhaal doopt is, binne yn de berjochten wol te finen. Efkes firtueel strune op in snein.
Op Twitter en Facebook is altyd te lêzen wannear't in nij berjocht op myn bloch stiet, dus folgje, soe ik sizze.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen