It swurd fan grutte Pier is fuort! Reboelje!!!

 

Stel je foar: De Nachtwacht nei Berlyn foar in tentoanstelling oer stedswachten. Sjogge jo it barren? Ik net. Allinnich foar de twadde wrâldkriich ha se it doek fia Medemblik en Castricum nei de Sint Pietersberg brocht, soks seit wat. 

Dramatysk nijs hjoed. It swurd fan grutte Pier giet nei Rotterdam. Foar in show oer piraten. Samar lit it Fryske folk ien fan harren grutte pylders oer de grins ferdwine, fraach is oft se it ea wer werom sjen sille. Dat nije museum kin daliks wol wer plat as it swurd der aanst net is. En dan ek noch Kimswerter bern ûnderweis as minslik skyld brûke. It raast werklik oan de protters.

Ik ferwachtsje in Steaten enkête, oanfrege troch de FNP. Wa hat hjir tastimming foar jûn. Wy moatte yn it ferhef komme, dit kin sa net langer. Aanst dumpe se Us Mem noch op Texel foar in tentoanstelling oer molkskiep. Wekker wurde minsken! As dit sa trochgiet is dit it begjin fan de ein.

Reacties

  1. klopt, grutte pier wie net iens in piraat mar in frijheidsstriider, dus rotterdam, flikker op

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen