Allegearre komme!!!

 

It sil der no echt fan komme, minsken. De famylje De Jong bondelet de krêften. En mei gefoel foar drama sil dit barre flak njonken de iisbaan dêr't ik myn earste tút krige. Dat dêr no in sneldyk oerhinne leit docht net ta de saak, it gefoel dat je der by ha is tige emosjoneel. Snik.

Wat is it gefal: http://pompebledfair.jouwweb.nl/
Flak neist Tropenfauna, it romrofte restaurant yn It Wâld, dat no de Koningshof hjit. Sneon, fan 10 oant 5. 

Myn bloedeigen suster sil dêr mei har negoasje opdrave. Swiet prate koe se altyd al, dus hat se har wurk ek mar yn dy rjochting socht. Snobbersguod, en dan net te min. Hege kwaliteit, soks is fanselssprekkend. Mochten jim tinke dat ik it mei de gek besla: linkje! http://www.candyshopzaailand.nl/

'Ik ha noch wol in heale meter tafel oer,' sei se. Sjoch, se wit wol better, der moast reklame makke wurde. En dêr ha jo dus in skriuwende broer foar. Broerke, om krekt te wêzen. Mei oare wurden: ik sil der mei myn boeken stean, en jim de hiele godgânske wike oan de kop seure dat jimme sneon allegearre nei de Koningshof komme moatte. Kinne jim myn nije boek keapje, (of ien fan de oaren), yn kombinaasje mei in kladde snobbersguod. En ik set myn krabbel fergees yn it boek.
Soks liket my in garânsje foar in jûn noflik op de bank hingje, boek lêze en lekker dom dy kladde leechfrette. Hearlik.

Wy ha it der yn famyljerûnte yngreven oer hân, hjir heart in slogan by. Hjir komt er: HIHAHO, eh... ferhip, bin ik de oare helte ferjitten. No ja, allegearre komme, dus!!!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen