Hollywood



No, de LC hie ferdikke oandacht foar de Stanley Cup! In mânske foto mei oardel regel tekst, mar dochs. Wol moai op dy foto is dat je der op sjen kinne hoe linich dy doelmannen binne. Jonathan Quick behearsket de spagaat better as mannich turner.
In wike lyn die ik de foarsizzing dat de LA Kings maklik winne soenen, en dêr like it ek op. Sterker, se stienen op in gegeven momint mei 3-0 foar yn de searje dy't oer best off seven wedstriden giet. Mar doe kamen de New Jersey Devils op stoom en wûnen twa kear op rige. Fannacht is de seisde pot yn Los Angeles. It sil jûn barre, tink ik. De earste Stanley Cup foar de klup út Hollywood.

Gâns spannender dan it EK, dat hockey. Se huffe der noch wolris yn, dus soe RTL7 der wol wat oandacht foar ha kinne. MEER VOOR MANNEN. Wat in drama, sa'n slogan.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen