Ha jim dat wolris?

Ha jim dat wolris?
Dat de fingers jo jokje?
Dat it jo foar op 'e tonge leit?
Dat je der eins freeslik ynbatse wolle?
Dat je foar iens en foar altyd sizze wolle wat je earne fan fine?
Dat je hast wis binne dat der in soad minsken wakker gelyk oer tinke?
Dat je de pest yn ha?
Dat eat jo meunstereftich tsjin stiet?
Dat se it jo troch de strôt drukke?
Dat jo der net op sitte te wachtsjen?
Dat je der in min sin fan krije?
Dat it toetseboerd hast freget om it op te skriuwen?
Dat je it yn konsept al dagen klear ha?
Dat it bloed jo sûpe wurdt?
Dat je...
No, ja.
Sa.
Ha jim dat wolris?
Ik wol.
No bygelyks.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen