Guilty pleasure: oranje

It is net oars, ik sil 't mar bekenne. Myn favorite kleur is oranje. Altyd al west, salang't ik it my foar de geast krije kin. Hoed-de-dei soenen je der reade wangen fan krije, de gekte om it balskoppen hinne docht my sear oan de eagen.
Hoe is dat dan sa kaam, mei dy kleur. Ik wit it earlik sein net. Mem hie, doe't ik noch mar in bûkenmantsje wie, in oranje spencer foar my breide. Dat ding ha 'k tiden oan hân, mar hy jokke as de sykte, dus dat is de oarsaak net.
Wy hienen thús oranje sinneskermen, mar ik bin in winterminske, dus dy falle ek ôf. Fan idioaten mei oranje flagjes yn 'e tún krij ik spontaan it gefoel dat der eartiids wat mis mei gien is, dus it balskoppen is it ek net. Sa tinke je der wolris oer nei, no? Eins kin ik mar ien reden betinke wêrom't ik oranje sa moai fyn. De goudsjeblommen yn de tún fan Pauwenburg. Kin net oars.

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen