Four seasons in one day

 

Ha jim wolris fan Crowded House heard? Nee? Dat is jammer. Neil Finn, de oprjochter fan de band, is mei rjocht in muzikaal multi-talint. Doe't Split Enz, syn eardere band, yn 1984 ter ziele gie, naam er twa jier 'frij' en rjochte doe Crowded House op. Sûnder syn broer, Tim Finn. Dy siet wol yn Split Enz. Message to my girl, sykje it mar ris op.

Goed, it bloed krûpt fansels, Tim kaam koarte tiid as bandlid werom. Doe makken se it prachtige album Woodface. Wrâldwiid in sukses. Doe't se op tour wienen yn Ingelân, stapte Tim op. Sa as yn alle bands wie der geregeld spul oer hoe en wat no fierder. Lokkich is de muzyk bleaun.

Juster wie it apart waar. It die my tinken oan de titel fan ien fan de nûmers dy't op Woodface steane. Wy ha hjir juster winter (grouwe hagelstiennen) maaitiid, hjerst en simmer yn ien dei hân. En lit dat nûmer no krekt sa hjitte. Four seasons in one day. Prachtich.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen