Feroarings

 

Dit wurdt in frjemd blochje. Ik sis it mar, dat jim der klear foar binne.

Net alle feroarings betsjut ferbettering. Mar hjoed kaam ik yn 'e kunde mei in oar soarte WC-papier. En dat is no net daliks in ûnderwerp dêr't bloggers oer skriuwe, dus doch ik it al. De tiid dat minsken de Hepkema ferknipten en oan in spiker yn it húske hongen leit fier efter ús. Hjoed-de-dei biede de fabrikanten tsjin elkoar op. Noch mear lagen, noch moaiere kleurkes, noch sêfter yn it gebrûk.
Ik wit net wat jimme der fan fine, mar it is neat foar my. Jou my mar in degelik stikje papier. De krante hoecht der net op ôfdrukt te wurden, ek fan blomkes ha 'k gjin ferlet.
Wêr it guod weikomt dat we no ha wit ik net, mar it is prima. Sa, dit wie diel ien.

De keppeling tusken twitter en facebook. Dat lyket my in logyske oergong. Wêrom? Omdat guon dêr freeslik kramp fan krije. Dy moatte dus ek in goed stikje papier foarhannen ha.
Efkes útlizze: alle ellinde en drama dat je op twitter sette is mei in keppeling ek op facebook te dumpen. Juster kaam in tige betûft persoan mei de meidieling dat soks wolris argewaasje opsmyt. Wy ha dêr yngreven oer fergadere.
Nei de rûnfraach ha 'k de keppeling út setten. Foar no. Der binne in soad facebookers dy't net twitterje, mar wol reagearje op berjochten. Mochten dy nei it lêzen fan dit stikje akút yn de stres sjitte: meitsje in twitter account oan. Samar klear. En oars mar reagearje. Noch in opsje: skriuw it fan jim ôf. Dat nije WC papier is der tige geskikt foar. Op fersyk is it merk op te freegjen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen