Fair

Wy ha ús aardich fermakke yn de seal fan de Koningshof. It rôp fansels in soad âlde tinzen op. Al dy stiif útferkochte jûnen fan de iisklup fan it Wâld bygelyks. Trije kear siet winterdeis dy seal stampfol. It Huzemer toaniel, Meiinoar ien út Drachten en mear fan soks. Dûnsjen nei fansels. Fokstrot en in sleauwe Ingelske wals. En Kobus mar sjonge, op de automatyske piloat.

Dat wienen nochris tiden, mar dy sille net weromkomme. Leare bern noch dûnsjen? Wy wol. Ik hie in fêste partner. Hilda. Nea wer sjoen. Mar wy koenen der wat fan, dat sil ik jim sizze. Wy weagen ús sels oan de Tsjatsjatsja. Poeh.

Frans Koning, de baas fan it spul, rûn der ek om. Prominent FNPer, de earste dy't dizze list ûndertekene. http://wiismeifryslan.webklik.nl/page/loyaliteits-petysje-list
Hat gjin boek kocht. Foel my oars al wat ôf.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen