De útwedstriid

 De útwedstriid

Lêsfoer foar in reinige snein. It sânde part. De link nei de earste seis stiet ûnderoan de side.

 
7

Sergei merkt it daliks as er it hûs yn komt. Syn frou Layka sjocht ûngerêst, mar seit neat. Wayne sit foar de televyzje en hat sa op it earste gesicht neat troch.
Mei in ferlechje oer in kraan dy’t lekt, trunet Layka har man mei nei boppen ta. Bûtendoar snijt it, it kwik is sakke oant min 30 en de blommen sitte op de ruten, dêr kin gjin kachel tsjin stoke.
‘Dy man is hjir west,’ begjint Layka.
Sergei knikt. ‘Ik wit it.’
‘Wat is der oan de hân? Ik skrok my naar, hy... hy stie samar foar de doar,’ stammert Layka.
Sergei slacht de earms om har hinne. ‘Wat hat er tsjin dy sein?’
‘Dat hy dyn nije baas is, en dat ik der tsjin nimmen wat oer sizze mei. Doe gie er wer fuort.’
Sergei lit it yn him omgean. ‘Hy hat net oan dy sitten?’
‘Welnee, hy hat my netsjes in hân jûn. Mar wat...’
‘Hy hjit Ralf, en in soad mear wit ik net fan him. In wike lyn socht er my op. Hy wit alles oer ús. Dat ik yn it leger sitten ha, dat ik...’ Sergei grypt de tillefoan út de bûse. ‘Sjoch, dy ha ’k krigen. Moatst sjen wat der op it skerm stiet.’ Hy toant de foto fan Wayne op de iisbaan.
‘Wat is dit, Sergei, it makket my bang.’
‘Hy moat personeel ha dat er fertrouwe kin, sei er tsjin my. Ien dy’t wit hoe’t de saken hjir ynelkoar stekke. It hat mei dy nije iishal te krijen, mar alles sil yn de kommende tiid dúdlik wurde.’
‘Mar dyn wurk dan? Wy moatte dochs ite?’
‘Dat sil ik dy aanst sjen litte. Earst Wayne op bêd.’

As Layka letter op de jûn it saldo fan harren bankrekken besjocht, skrikt se. ‘Dit wit ik net.’
‘Earlik sein: ik ek net. Mar it liket my net ien dy’t je tsjin ha moatte. Mei oare wurden, hy hat ús, of leaver sein my, fûn, en sa is ’t.’
Se prate der noch in skoft oer troch, mar Sergei syn wurden steane op de ein fan de jûn noch rjocht oerein. Ofwachtsje, oars sit der net op. As se tsjin âlven hast op bêd sille, freget Sergei: ‘Wie der hjoed ek post?’
‘Ha ’k troch alle drokte net nei sjoen.’
Sergei rint by de trep del nei de hal, dêr’t in rige brievebussen tsjin de muorre oanskroeve sitte. De wyn gûlt om de flet hinne, it sêfte waar liket fier fuort. Mei twa sluven komt er efkes letter it hûs wer yn en jout him del op in hege stoel. ‘En?’ freget Layka, dy’t al yn de nachtklean strûpt is.
‘Norilsk Nikkel. En dit wit ik net,’ seit Sergei.
‘No, meitsje iepen dan.’
Sergei skytskoarret der wat tsjinoan. Earst dy fan de baas mar. Of eks baas. As er it papier iepenslacht en begjint te lêzen, krijt er pikefel. Yn in heal kantsje wurdt er betanke foar alle jierren trouwe tsjinst, en winsket Norilsk Nikkel him alle sukses by syn fierdere karriêre. De finânsjes en alles is al regele, sjoch oare kant.
Hy sjocht syn frou oan, dy’t oer syn skouder meilêzen hat. Se skodhollet. Sergei makket it oare omkaft iepen.

Wy binne bliid dat we sa’n grut talint as Wayne Novokov yn ús klup ferwolkomje meie. Syn team treent op moandei en tongersdei, foar ferfier nei de iisbaan wurdt fansels soarge.
Mei groetnis, bestjoer Kayerkan iishockey

It is nachts trije oere, Sergei hat noch gjin wink yn ’e eagen krigen. Stadichoan komme der bylden foarby dy’t er jierrenlang fuorttreaun hat. Oan de iene kant fielt er him ûnwis, saken dy’t yn de privee sfear foar him regele wurde, hat er it mier oan.
De oare kant is dat er in nije spanning yn syn liif fielt. Der komme gefoelens nei it oerflak dy’t foar in part oanleard binne, mar ek fan út syn ynstinkt. Hy giet nei de keuken en lêst beide brieven nochris troch. Dan knypt er de eagen hast ticht. ‘It sil my net...’ mompelt er. Dan leit Layka de hannen op syn skouder. ‘Kofje of drank?’ freget se.
‘Wat liket dy it bêste?’
‘Drank. Hoechst moarn net nei it wurk, wol?’
Sergei en Layka sitte oant de moarn tsjin elkoar oer, de earmtakken op de tafel. Se meitsje in plan fan oanpak. En dêr wit Ralf neat fan. ©  

http://stikelstekker.blogspot.nl/2012/03/de-utwedstriid.html

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen