Briljant idee fan de Faunabeskerming

Hoefier soenen dy lju fan de faunabeskerming eins fan de natuer ôfstean? Dat freegje ik my wolris ôf.

Ha jim wolris in ree sjoen? Prachtich bist, se rinne soms hast tsjin de sneldiken oan, en elts jaget der foarby sûnderdat se se sjogge. Ik tink dat it hjir it grutste wylde bist is dat frij omrint. Losbrutsen damherten net meirekkene.

No ha se yn Drinte besletten dat se dy dieren net mear ôfsjitten meie. De skea dy't se oanrjochtsje is te lyts om der om dy reden regaad yn te hâlden. De faunabeskerming hie de rjochtsaak oanspant. No, lit ik dan mar foarsichtich sizze dat ik yn dit gefal lichte sympaty fiel foar it beslút fan de rjochter, en dêrmei ek foar de faunabeskerming, dy't de 'wilsbeheerseenheden' hjirmei in poat dwers setten ha. Mar dan hâldt it ek wer tige hurd op, hear.

De skea dy't de ree oan it gewaaks oanbringt is neffens de faunabeskerming maklik foar te kommen, troch 'hekwerken' om dy gewaaksen hinne te setten. Sjoch, dan moat ik wer soargje dat ik ticht by in wc bin, omdat ik koarje moat.
Typysk foarbyld fan in soadsje domkoppen dy't earne trije heech efter wenje en totaal gjin benul ha. Sa'n ree springt mei gemak oer in feart. Wy hienen thús in perk mei roazen, mar dan sûnder blommen. Stroomtried of net.

Litte we it mar net iens ha oer fergunnings foar gazen hikken dy't de gemeentes ôfjaan moatte as alle gewaaks beskerme wurde moatte soe tsjin de fretterij troch de ree. Want der is grif ien as oare hapsnurker dy't dat wer net yn it byld fan it lânskip passen fynt. En kosten? Witte jo wat gaas of tried en peallen de meter docht? Jo sille 80 bunder yn de stekken sette moatte. Mar dat witte se dêr net op harren studintekeammerkes yn Amsterdam. It echte libben moat foar sokken noch komme, as it al komt.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen