Beachvolleybal, het geeft je vleugels!

In nijsberjocht: Schuil en Nummerdor nei de heale finale yn Moskou. Prachtich, no?

It ferhaal wurdt wat oars. Ik ha der freeslik argewaasje fan. Sterker, ik fyn it de kommersje dy't de sport ferkrêftet yn opperste foarm. Wat ha Richard en Reinder dan wol by de ein? Beachvolleybal. Foar de net Ingelsk lêzers: Op it strân in bal oer in net slaan.

Soks is ea útfûn op moaie, waarme stripen strân, lykas de Copacabana. Brún ferbaarnde jonkjes dy't yndruk meitsje woenen op gycheljende famkes. It âlde ferhaal.

Hjoed-de-dei komt de pleatslike man mei de dumpkarre en flikkert in bult sân op in plein. Dan komt Jan Shovel en dy skood de boel plat. Red Bull set der in stikmannich tribunes omhinne en we kinne beachvolleybalje. Jasses noch oan ta. Dyselde famkes meie de manlju wat geil meitsje troch sawat yn de bleate kont in dûnske te dwaan, it boppestikje fan de bikiny lytser as lyts, en de sfear sit der aardich yn, minsken.

Al dy âldfaders fan it IOC fiele nei jierren hjir of dêr wer ris wat bewegen en hupsakee, we meitsje der in olympyske sport fan.

Moskou leit net oan see. De Moskwa, in swier fersmoarge útfiering fan de Potmarge, rint troch de stêd. Neat gjin moaie brune jonkjes. Bleke Russen. Beachvolleybal? It soe ferbean wurde moatte op datsoarte plakken. Mar Red Bull en de oare glittersponsors ha it by de sneue kompanen fan Anton Geesink no ienris foar it sizzen, het geeft je vleugels!


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen