SEKS, SEX en nochris SEKS





No, it liket my dat ik mei dizze kop jim oandacht wol ha. No't heal Fryslân yn opdracht fan De Moanne dwaande is om syn of har meast moaie eroatyske dreamen op papier te setten, efkes in pear wurden.

It dûzele my juster yn de holle. Wat in oandacht! Karen Bies yn De Moanne en Pieter de Groot yn de LC skreaunen oer de sênes yn It dak fan de wrâld, dyt it lizzende wurk beskriuwe. Ik sil, en dat ha jim wol troch, besykje my netsjes út te drukken, plat kin altyd noch. Jittikmigers sille no sizze dat dit stikje in ferdigening is, mar dat is net sa. Elts mei skriuwe oer in boek, dat is it lot fan de skriuwer. Hie er mar in oare hobby sykje moatten. En ik bin tige ynnaam mei alle kritiken!

Bêste minsken, wat libje wy yn in geweldich stik fan de wrâld wat de seks oanbelanget. Teminsten, dat moat sa wêze. As ik ôfgean op de kommintaren oer it ûnderwerp, spettert it ôfgryslik yn de beskate sliepkeamers, op keukentafels, yn de bosken, de dunen en wit ek wêr't de Friezen it allegearre dogge. En de dialogen dy't se dêr by brûke moatte stik foar stik daliks yn oanmerking komme foar alle literêre prizen. Dan is dat knoffelige stikje proaza fan dizze skriuwer mar bagger. Soenen je sizze.

Goed. En no efkes ta de saak. Ik mei, op oanwizing fan ien fan myn mentors, sy wit wa't ik bedoel, graach by de sprektaal bliuwe. En as ik simmerdeis op it strân om my hinne sjoch, is it mar de fraach oft de skepsels dy't dêr omrinne harren bekroadzje om, foardat it ta de died komt, in literêre beam op te setten. Ik ha dêr grutte twivels oer. Yn it literêre fjild leit dat oars. Dêr moat it ferskaat oan lichemsparten skynber yngeand besprutsen wurde.

Ik fyn dat ûnderskatting fan de lêzer. Ik hoech dochs net út te lizzen hoe't it moat? Al dat gejeuzel oer wat er dêrnei docht, en hoe't sy dêrop reagearret? Oerstallich, wat my oanbelanget. Hellet de gong der út. En neffens my is dat yn de praktyk net oars. As ik by eltse sêne in grut gerdyn ophingje oer de yngreven dialooch dy't dêr by brûkt wurde soe, liich ik.

En sis no mar net dat it by jimme allegearre oars en tsien kear better is, want ik leau der echt gjin bliksem fan. Miskien soenen jim it graach wolle, dat is in oar ferhaal. De realiteit is faak aardich knoffelich. Lês It dak fan de wrâld der mar op nei.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn