Krantejonge fereale?
De brievebus soarge hjoed foar in ferassing. Twa kear flak nei elkoar joech er lûd. Ik tocht: in bult reklame.
Lei de LC net op de matte? Hiel apart.
Ik ha net op de foarside sjoen dat se him om kabinets-falpartijen hûs oan hûs besoargje. Dus is de krantejonge faaks yn 'e beannen. Miskien is er wol fereale, of hat er in min sifer helle. Jo witte dat net. Anyway, ik hie de krante al út. Op de kompjoeter.
Dêr stie rûchwei itselde yn. Ik hie leaver hân dat dy jonge him moarn brocht hie. Koe ik mei eigen eagen kontrolearje oft der al hast wer ris in Fryske kollum yn de woansdeikrante stiet...
Dat kin wol hjer, gewoan in abonnemint nimme
BeantwoordenVerwijderenIk moat tajaan, in papieren krante is moaier.
BeantwoordenVerwijderen