It kabinet, toppiejoppie!
Kabinet falt troch de koer (te min kwaliteit)
Hearrenfean falt troch de koer (te min, ahum, nim my net kwea-ôf, kloaten en rotsakken yn it fjild)
It is snein. It waar net al te bêst, de berjochten net al te bêst, de deskundigen op TV net al te bêst, it foarútsjoch op in simmer mei ferkiezings-geneuzel net al te bêst en wa hat der no gelyk?
It regear is noch net omfallen of alle 'kopstikjes' út Den Haach raze en roppe dat sy it oars en better dwaan sille. Samsom foarop. It fûn it hast beskamsum juster. De adrenaline spatte fan it skerm ôf.
Fan 'e moarn siet Van Haarsma Buma by Eva Jinek. Under tsjerketiid. Mar yn bysûndere gefallen mei dat skynber.
No, ja. It wurdt in tige lange simmer. En dat is jammer, want ik bin no ienris in winterminske. It grutste drama is fansels dat der earst twa fearnsjier praten wurde moat. Wat is der mis mei ferkiezings oer fjouwer wiken? Dat is organisatorysk net rûn te krijen, roppe se dan. Flauwekul fansels. As moarn Belgie beslút om Nederlân oan te fallen mei gripen en foarken, kinne je ek net in moanne as fjouwer wachtsje om te reagearjen.
Mei oare wurden: we ha it hjir noch sa goed dat it politike spultsje sa lang útsmard wurde kin, dat je der kotsmislik, murf en net mear yn ynteresearre binne. En sa hâldt elts syn as har baantsje. Toppiejoppie.

Reacties
Een reactie posten