De útwedstriid, fjirde part.


4

As it net al te kâld is, dat wol sizze net mear as tweintich graden ûnder nul, is Sergei op sneintemiddei tegearre mei noch in pear manlju al betiid drok dwaande. Op in fjildsje, dat yn de pear moannen simmertiid brûkt wurdt om te fuotbaljen, leit iis. It is ein augustus ûnder wetter setten.
Troch de wike hat er gjin tiid, mar sneins makket er tiid. De snie dy’t fallen is, wurdt oan de kant fage. Oan de ein fan de winter is de iisbaan suver hast omfoarme ta in lyts stadion, sa heech binne de bulten. Sergei hat der aardichheid oan, de foarm fan de tribunes jouwe him it gefoel dat er de arena dêr’t CSKA Moskou spilet, oan it neibouwen is.

As it tsjin twaen noch aardich ljocht is, komme de bern út Norilsk yn fol ornaat nei de preparearre iishockeybaan.
Layka, syn frou, komt oanrinnen mei Wayne njonken har. Wayne hat in shirt oan, mei nûmer 99 der op. Sergei laket nei syn frou. It is it moaiste oerke fan syn wike.
As út de kloft bern twa teams formearre binne, giet it los. Yn ’e regel fungearret Sergei as coach fan ien fan de beide ploegen. En dat docht er mei oerjefte. De oanwizings skalle oer de stiif beferzen baan.

Sergei sjocht mei mear as normale belangstelling nei syn soan. Wayne libbet iishockey. En hy is der noch goed yn ek. Wylst de measte jonges konstant rûzje ha mei de stick en de puck, fladderet Wayne lofts en rjochts om har hinne, hy hat de swarte skiif oan in toutsje.
Nei wer in slagge aksje ha Sergei en syn frou efkes eachkontakt. Layka knikt laitsjend nei har man, en fitert soanleaf nochris oan.

Dan sjocht se him wer stean. Al foar de tredde wike efterelkoar stiet de keardel op itselde plak nei de kliber bern te sjen, sûnder wat te sizzen. Layka besiket kontakt mei Sergei te krijen, mar dy hat it fierstente drok mei de begelieding fan syn team. Samar nei him tarinne past har net. Soks wurdearret er net.

Rêstich skôget de man de fûleindich stridende ploegen.
It giet der om wei. De skiedsrjochter lit in soad ta, it is in eks bokser, dy’t wol fan in stevich potsje hockey hâldt. Nei twa perioaden is de stân gelyk, fiif tsjin fiif. Wayne hat in konkurrint yn it oare team, dy’t hast like goed as him is. Yn de foarbakte ferdieling fan de bern, wurde sy altyd tsjin elkoar oer set, om de spanning der wat yn te hâlden.
Layka sjocht har kâns en rint nei Sergei ta. ‘Hy is der wer.’
Sergei sjocht har freegjend oan. ‘Wêr hast it oer?’
‘Dy man. Hy stie niis te sjen, lynjend tsjin de lantearnepeal oan. Krekt as ferline wike en de wike dêrfoar.’
Sergei knikt, mar sjocht net daliks om. Dat soe te bot opfalle. As de bern nei in pear slokken waarm drinken de lêste perioade yngean, loert er slûchslim om him hinne en sjocht him stean. Hy wit daliks dat er dizze keardel earne earder sjoen hat, mar rjocht pleatse kin er him net. Sergei is der wol wis fan dat er net út Norilsk komt. De wize fan dwaan, hoe’t er dêr allinnich stiet, de djoere learen jas, de splinternije bûntmûtse, it past hjir net.

De wedstriid nimt syn oandacht wer yn beslach, as er healwei de perioade nochris sjocht, is de man ferdwûn.

Sergei rint nei de lantearnepeal. It is krekt nei fjouweren, de minsken binne allegearre wer nei de waarme kachel. Hy huveret, de temperatuer sjit nei ûnderen. As de loft sa helder bliuwt, knapt it der fannacht wer yn. De sinne is ûnder de kym ferdwûn, yn it lêste skimerljocht sjocht er de fuotprinten dêr’t de man stien hat. En hy sjocht noch wat oars. In stik as trije peuken fan filtersigaretten. Sergei bûget en pakt ien fan de hurdbeferzen snie. ‘Marlboro...?’ mompelet er ferheard.
Troch de min ferljochte strjitte komt in auto syn rjochting út. Sergei mikert yn it ljocht fan de skerpe koplampen op. ‘Led-ferljochting?’ prevelet er wer tsjin himsels. De kombinaasje fan Amerikaanske sigaretten en auto’s mei nijerwetske koplampen is in noviteit yn dizze útbuorren fan de wrâld. As de grutte wein by him lâns ryd, sjocht er oan it postuer dat de keardel dy’t earder noch tsjin de lantearnepeal oan line, efter it stjoer sit. In heale tel kruse harren eagen elkoar, Sergei hat de peuk tusken tomme en finger en is der wis fan dat de man dat sjocht. Stadich minderet de auto snelheid, oant er op in dikke hûndert meter fan Sergei ôf, stilstiet.

De lantearne floept oan, sa dat Sergei yn it folle ljocht stiet. De doar fan de auto giet iepen en de man stapt nei bûten. Hy komt gjin stap Sergei syn kant út, mar pakt in pakje mei sigaretten út de binnenbûse, stekt ien oan en set dan it pakje op de grûn. Hy hellet in kear djip yn, en blaast in grutte wolk damp en reek yn de kâlde friesloft. Dêrnei sjocht er ynkringjend nei Sergei, knikt in kear en stapt yn de auto.
Sergei stiet oan de grûn nagele. Wat hat dit te betsjutten? Hy fielt oan syn wetter dat er dizze man ea wer sjen sil. As de wein efter in rige dinnebeammen ferdwûn is, rint er nei it plak dêr’t it read mei wite pakje peuken op de grûn stiet. As er it iepenmakket konstatearret er dat der mar ien sigaret út mist. Yn de fierte sjocht er de reade achterljochten fan de auto, dy’t yn de rjochting fan it fleanfjild lykje te gean.
As in lyts bern mei ferbean snobbersguod stiet Sergei mei it pakje Amerikaanske peuken yn ’e hân. ‘Ach, wat ferrekt it ek,’ seit er lûdop en stekt ien oan. De achterljochten fan de auto wurde al mar lytser, Sergei eaget se nei oant er se net mear sjen kin.     

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen