De útwedstriid, diel trije


3

 ‘You miss 100% of the shots you don't take.’ 99.

Sergei jout syn deistige tikje op it moai bewurke plankje. Hy gniist. Syn heit tikke alle dagen op it glês fan de barometer, dy’t yn de gong hong. Sergei hat gjin barometer, mar in stikje Amerikaansk Red Ceder.
As er mei de neil fan de wiisfinger it stikje hout oanrekket, tinkt er werom oan de dagen dy’t er wurk hân hat om de letters kreas yn it hurde hout te kervjen. Net sûnder gefaar, in Ingelske tekst yn in plankje snije, wylst je yn it Russyske leger sitte. It hat ien fan de dingen west dy’t him dertroch skuord ha, tinkt er achternei wolris.

Ynformaasje oer it frije westen is tige sparsum foarhannen yn de tiid dat Sergei tsjinnet. Mar as yn 1988 de Edmonton Oilers de Stanley Cup mei sukses ferdigenje en de Boston Bruins mei 4-0 in pak op de broek jouwe, komt dat wol troch.
Sergei wennet dan yn Moskou, en is as militêr geregeld wol as net frijwillich tribuneklant by de iishockeywedstriden fan CSKA Moskou. It sportive militêre úthingboerd fan de Sovjet Uny.
Foar Sergei is it gjin straf. Op CSKA stiet yn dy jierren gjin maat. En dat leit him foar it grutste part oan de briljante oanfalsline dy’t letter as bêste ea te boek komt. De KLM line. Krutov, Makarov en Larionov binne geweldich. Kombinearre mei Viacheslav Fetisov en Alexei Kasotonov as ferdigeners is de Green Unit hast net te ferslaan. Dy bynamme Green Unit komt fan de klean dy’t se oan ha tidens de trenings.  

CSKA’s ploech en ek it Russyske nasjonale tiim stiet ûnder lieding fan de romrofte coach Viktor Tikhonov. Net in man om spul mei te krijen. Hy ferdjippet him yn de privee-libbens fan de spilers en brûkt alles om de manlju mentaal ta it úterste te twingen.
Net dat se in soad privee ha. CSKA ferbliuwt âlve moannen fan it jier yn it treningskamp yn Archangelsk. Oft de spilers no wol as net in frou ha, dat makket Tikhonov neat út. Se sliepe en ferbliuwe yn houten barakken.
Archangelsk leit yn it noarden fan de Sovjet Uny en is neamd nei de ierdsingel Michaël. Fan ingeleftige ynfloeden merke de spilers fan CSKA net folle. De snoeihurde trenings kombinearre mei de barre waarsomstannichheden meitsje fan de ploech in fjochtmasine dy’t yn Europa syn gelikense net kin.

It útsûnderlike talint fan de KLM line komt coach Tikhonov goed fan pas. Ien kear yn it jier fljocht de Red Army oer de Beringsee om diel te nimmen oan de Canada Cup, dat letter feroare is yn it wrâldkampioenskip.
En yn Canada spilet immen dy’t sels yn de tiid fan Leonid Brezniev en konsorten respekt ôftwingt. Sergei sûget alles dat er te witten komme kin oer The Great One op as in spûns. As yn 1987 de finale tusken Canada en de Sovjet Uny giet, sjocht er him foar it earst rjochtstreeks op tv, yn in offisiersgebou yn Moskou. De earste kear dat nûmer 99 op it iis stapt, giet der in skok troch Sergei hinne. Nei de ferlerne finale hat er triennen yn ’e eagen. Net omdat se ferlern ha, mar om it manjefike spul fan de meast weardefolle spiler fan it toernoai. Nûmer 99.   








Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen