De útwedstriid


2

Sergei Novokov sjocht mismoedich om him hinne. Hy kochelt en flybket op de grûn. Swarte flibe. Alle dagen as er boppe de grûn komt wer swarte flibe. Hy ferflokt it.
It is in graad as tweintich ûnder nul, foar novimber kin dat hinnebruie. Alles dampt en knistert yn de kjeld. Sergei lûkt de kraach sa heech as er kin, ferklomje leit altyd op ’e loer.
Yn de fierte leit Norilsk, Sergei sjocht de ljochten baarnen. Wer in dei gjin sinne sjoen en de winter is amper begûn. As it jannewaris is, sil it bytiden mear as fjirtich graden frieze. Guon dy’t foar it wurk ôfhinklik binne fan in auto, sille dy dei en nacht stasjonêr rinne litte, oars wol er net starte.
De loft is berûn, it koe wolris op snie útdraaie. De grouwe reekplommen dy’t troch de talleaze skoarstiennen útkoarre wurde, slaan daliks del en soargje foar in gielgrize tekken fan nearzichheid oer de bebouwing. ‘Halleluja foar Norilsk Nikkel,’ mompelet Sergei. It is dat it knap betellet, oars gie er nea wer yn de Nikkel-metro sitten.
In healoere letter stekt er in peukje oan en stiet nei de grien opferve blokkedoaze te sjen dêr’t er al tweintich jier wennet. Trije heech, it meast rjochtse appartemint. Dat is Sergei Novokov syn plak om te dreamen. Layka, syn frou, sil it iten wol hast op tafel ha.  

25 jier earder sjocht de wrâld der hiel oars út foar Sergei Novokov. As berne Moskoviet is er aardich omheechfallen yn it leger, sa’t er it sels seit. It komt der op del dat er in prima kondysje hat en sa hurd as stiel is. Al hoe slim de drilynstrukteurs him ek te pakken nimme, Sergei jout gjin krimp. In pear jier letter sil pas bliken dwaan hoefolle haat er tsjin dizze hearen opkroppe hat.
As jonge fan noch gjin tweintich jier domwei dei oan dei ynmekoar slein wurde troch in stel hufters dy’t stiif fan de drugs en de adrenaline steane, docht wat mei in minske. It makket je ûnferskillich, haatdragend en gemien. Krekt de eigenskippen dy’t de hearen der ynslaan wolle. En dat dogge se mei entûsjasme.

As er twa jier letter, hy hat dan tritich man ûnder syn befel, op trening is yn it Oeral-geberchte, knapt der wat. Sergei sjocht hoe’t in stel rekruten yn it kamp oankomme. Bleke pûkelkopkes, dy’t wat skiterich om harren hinne sjogge. No noch jong en grien, mar dat sil oer in dei as wat feroare wêze. Dan sil der in mingeling fan berêsting en eangst yn harren eagen te sjen wêze. Thús hoege se der net mei oan te kommen, it leger makket mannen fan jonges. Dat leauwen sit djip yn de minsken ferankere. En in alternatyf is der yn ’e regel net.
Segei werkend ien fan de drilynstrukteurs. Deselde hufter dy’t him ek ûnderhannen naam hat. As er sjocht hoe’t de keardel sûnder reden op ien fan de nijelingen ynslacht, gewoan, om de toan te setten, fernimt Sergei dat syn bloed begjint te sieden. ‘Hee, kenst my noch?’ freget er oan de read oanrûne man. Sergei hat no mear strepen as de drilynstrukteur, dy spat yn ’e hâlding. Sergei tsjut de rekrút dat er wol wer yn ’e rige stean gean mei.
‘Ja, luitenant!’ blaft de ynstrukteur.
Sergei sjocht him rjocht yn de eagen, in deasûnde as je rekrút binne. ‘Wat seist, sille we aanst in potsje kickbokse? Efkes sparre.’ Hy wit donders goed dat de man tsjinoer him nea nee sizze sil. In fraach fan in hegere offisier is gjin fraach.

Mei in pear hûndert soldaten as tsjûge skopt Sergei de drilynstrukteur de ring troch. De mannen balte, mar as Sergei mei in traap de keardel fol yn de nekke rekket, wurdt it stil. Roerleas leit er op de flier. Sergei bûcht oer him hinne, sjocht him nochris rjocht oan, en laket.  
It is Sergei syn lêste dei as luitenant. De ynstrukteur hat in dwerslaesie. De legerlieding stelt in ûndersyk yn, dêrút blykt dat it yn prinsipe in earlik gefjocht west is, mar Sergei ferhipt it om te sizzen dat it him spyt.

It is seis oere, Sergei trapet syn peuk út en slofket nei de tredde etaazje fan it griene wenblok. As er troch de doar komt, slacht de waarmte him temjitte. Wayne laket as er syn heit sjocht. ‘Moai op ’e tiid, heit! It iten is klear, oer in healoerke geane se los!’      

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen