Seks en deade Fryske skriuwers

Foar dyselden dy't der juster net wienen...

Utsprutsen by de presintaasje fan it nije boek fan Johan Veenstra, yn in bomfolle seal yn Nijeholtpea.

Foarôf in koarte ynlieding:
Dit ferhaal is skreaun en wurdt fertelt yn it Frysk. Mocht der neitiid behoefte wêze oan in oersetting yn it Nederlânsk, ferwiis ik jimme nei de Friese Pers Boekerij yn Ljouwert. Dy wolle jimme fêst wol te wurd stean. Foar guon dy’t net wachtsje kinne en daliks witte wolle wat ik sein ha, is der yn it skoft gelegenheid om my dêroer te befreegjen. Wy Friezen binne dêryn de beroerdsten net, sterker, de nasjonale hobby fan de Friezen is om harren te ferbrekken, en oer te gean yn it Nederlânsk, Ingelsk as Dútsk, sels as se mei oare Friezen prate. Wy binne dus it fatsoenlikste folk op de wrâld, allinnich jammer dat der sa aanst gjin minske mear is dy’t Frysk prate, lêze of skriuwe kin, mar dat is ús eigen skuld. 

Achte oanwêzigen, bêste Johan.

Doe’t ik op 14 novimber 2011 in mail krige fan de ferneamde Stellingwerver skriuwer Johan Veenstra, skrok ik even. Yn dy mail frege er oan my of ik tegearre mei de Drintske skriuwer Jan Germs wat sizze woe by de presintaasje fan syn nije ferhaleboek, Mit et waeter veur de dokter.
As nijbakken Fryske skriuwer mei noch mar twa romans op myn namme ferskine op in jûn oer de grins fan de Tsjonger, yn it lân fan Linde en Kúnder. Dat is nochal wat. En dêr ek noch wat sizze. Doe’t ik der wat langer oer neitocht, krige ik it suver benaud. Yn myn dryste ûnskuld hie ik daliks tasein om te kommen. Johan koe ik al in skoft, en dat like my wol fertroud. Mar letter tocht ik oan it omsittend laach. Hoe soenen dy mei in Fryske skriuwer omgean? Sa’n heechhertich figuer dêr út it noarden wei. Sa’n drammerige djipfries. Gjin idee. Fraach ien wie fansels: Soenen se my wol ferstean kinne? Soenen se healwei myn ferhaal oereingean en op hege toan easkje dat it no mar út wêze moast mei dat ferhipte Frysk?  Soe de seal leechrinne, sadat allinnich Johan hjir noch siet, en miskien in pear man fan de Stellingwarver Schrieversronte, dy’t der op hope hienen om jûn in berch boeken te ferkeapjen? Stienen se my neitiid op te wachtsjen by de auto om my in wan op de bealch te jaan? Soe ik hjir wol wer levend weikomme?

Datsoarte gedachten, dus. Ik mei wol sizze dat ik pear minne moannen hân ha yn de oanrin nei dizze jûn. Mar ik stean hjir no, en oant no ta falt it my net ôf.

No efkes ta de saak. De fraach riist wêrom’t hjir jûn in Grinzer band, in Drintske en in Fryske skriuwer de saak rêde moatte. Stiet it der sa min foar mei dy krûmproaters dat se help fan bûten ha moatte? It liket my fan net, want de Stellingwarver Schrieversronte bestiet 40 jier. Dat fertsjinnet in grut komplimint en in hertlike lokwinsk.
Wat se by ús boppe de Tsjonger ôfskaft ha, wurdt hjir noch mei grut sukses dien, sutelje mei boeken. Wy kinne dus fan jimme noch wol wat leare, en jimme moatte wat dit oanbelanget de keunst net ôfsjen fan dy Friezen, want dy binne sa dom as in doar. Eartiids wienen der frijwilligers dy’t foar ús as skriuwers de boeken oan de man en de frou brochten, mar dy tiid is oer. Tsjintwurdich binne we oeral te finen om mar in pear boeken te ferkeapjen, sels op Stellingwerver boekpresintaasjes dûke wy op.   

Yn in artikel kaam ik in stik as wat fan de aktiviteiten tsjin dy’t dit jier op it program steane yn it ramt fan it jubileum fan de Schrieversronte. Ik pak der in pear út: In ienakter fan de foarrich jier ferstoarne Fryske skriuwer Trinus Riemersma. Ek erotyske poëzij is hjir yn de Stellingwerven te beharkjen. As ik dan ien en ien optel kom ik ta in frijwat tryste konklúzje, seks, en it wurk fan deade Fryske skriuwers, dat is it iennichste dat noch knap ferkeapet. It stiet der dus foar ús net al te bêst foar.

Ien fan myn earste baantsjes ik hie, wie yn it suvelfabryk yn Wolvegea. Dat is al lang ôfbrutsen, kinne jim neigean hoe âld ik al bin, en Johan neamt my op syn webside in jonge Fryske skriuwer. Ik twivelje dus wol wat oan syn beoardielingsfermogen yn datsoarte saken. De grize hierren krije stadich de oerhân.
Ik ha dus wol wat mei it Stellingwerfsk, ik winskje de Stellingwarver Schrieversronte dan ek in prachtich jubileumjier en dat der noch in soad folgje meie.

En dan nei dizze luchtige iepening komme we no oan it serieuze part fan myn praatsje, en dat giet oer it feestvarken fan dizze jûn. De ferneamde Stellingwerver skriuwer, Johan Veenstra. Dy is 40 jier skriuwer, krekt like lang as de Schrieversronte bestiet. Sterker, foar in neat wittende bûtensteander is Johan Veenstra hast de Schrieversonte. Want wêr’t je ek komme, wat je ek dogge, oeral treffe de hear Veenstra.
Stel jo binne op in kulturele aktiviteit earne yn de provinsje en jo steane mei ien te praten. As je oer syn skouder sjogge, is de kâns grut dat jo Johan Veenstra dan oantreffe.

En dat, bêste Johan bringt my by dy en by myn punt dat ik meitsje wol, ik sit nammentlik freeslik oer dy yn.
En dat wol ik yn dizze seal nei foarren bringe, want miskien dat der mear binne dy’t in aha erlebnis hawwe as ik fertel wêrom’t ik sa oer Johan yn sit. Neffens my is it sa dat dizze ferneamde skriuwer in slim gefal fan de sykte flechtgedrach ûnder de leden hat. Ik sil dat yllustrearje mei in opsomming fan de plakken dêr’t er yn it ôfrûne healjier west hat. As begjinpunt nim ik de boekemerk yn Drachten, dêr’t Johan neffens my ek al 40 jier efter de kream mei Stellingwerver boeken stiet. Ferfolgens, en dit is in list dy’t ik opmakke ha út it ynternet deiboek fan Johan sels, bywurke oant juster, dus mocht ik lige, dan liich ik yn kommisje. Nei dy sneon yn oktober hat Johan in besite brocht oan de folgjende plakken, ik soe sizze, mochten der guon wêze dy’t nedich nei de wc moatte, doch dat no, want foardat ik klear bin mei de list, binne jim der al lang wer.
Assen, It Bildt, Easterwâlde, Appelskea, meardere kearen nei It Feen, mar dêr kom ik aanst noch op, Wolvegea, Noardwâlde, Den Haach, Ljouwert, Boalsert, Berkeap , Westerbork, Ljouwert, Akkrum, Almelo, Feanwâlden, Arum, Snits, Jobbegea, Emmerich, Duiven, Elten, De Wyk, Ruinderwolde, Veere, Goes, Drachten, Berkeap, De Jouwer, Ljouwert, Hasselt, Swol, Wilhelminaoard, Wolvegea, Elsloo, Boyl, Easterwâlde, Snits, Nieuw Amsterdam, Assen Easterwâlde, Wolvegea, Noardwâlde, Berkeap, De Gerdyk, De Jouwer, Ljouwert, Burgum, Surhústerfean, Giethoorn, Norg, de Harkema, Noardwâlde en last but not least, Akersloot.

Dit liket hast in bibelske opsomming, dus soe ik sizze: Vanwaar Gehasi? Hokker duvel sit efter jo oan? Wat is der mis mei it smûke beamtegrien fan âlde en Nijeholtpea? Dit komt sa fansels op de kop ferkeard. Ek dizze stelling sil ik ûnderbouwe. Want in man dy’t al 40 jier skriuwer is, kin gjin libbensstyl fan in tweintiger mear oan. Dêr hâlde jo wat oan oer. Dat kin de holle net mear byfytse, en dan komme de problemen, hear Veenstra. Stres, dy’t him útert yn brobbeljende darmen, mei as gefolch it safolste rektale ûndersyk nei saken dy’t der net binne.

En dan ha ik it noch net iens oer de slieperij. Wat? Sliepe? Nee, dat docht er net. Nachts is er like drok as oerdei. Ek dizze saken komme rjochtstreeks fan it digitale deiboek.
Johan mient nachts dat er dirigint fan in symfony orkest is. Hy dreamt oarlochsferhalen, mei himsels yn de haadrol.
Nachts doarmet Johan troch New York, en stekt sa rinnendewei de stille oseaan oer om syn wandeling yn Tokio te ferfolgjen. Hy fytst as besetene hinne-en-wer, en wit net wêr’t er hinne moat. Hy sjocht in tsunami oankommen en klimt dan yn in beam, wylst er dat oars nooit docht. En dan deis en jûns dat jachtsjen by al dy frouljusferieningsingen del der noch by. Johan, dit komt der fierstente bot op oan. Myn advys: Stopje mei dizze wize fan libjen, soest better begjinne kinne mei smoken, en dy rêstich efter hûs deljaan op in bankje. Folle better.

Dan komst der miskien ek oan ta om dy nije roman ôf te meitsjen, want dêr sitte we fansels op te wachtsjen.

Goed, alle gekheid op in stiekelstokkie, Johan. 40 jier skriuwer, it is in ein. Radio Fryslân, de Ljouwerter krante en wat net mear. Oeral komme we dy tsjin, en dêr wol ik dy fan herte mei lokwinskje, want is de muoite wurdich. Ik hoopje datst noch jierrenlang trochskriuwe silst, en ik winskje dy, en alles dat mei it Stellingwerfsk te krijen hat, alle goeds.



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen