Statement



Boarne: FroonAkker, Facebook, tekst Lida Dykstra en Koos Tiemersma.

Sympatyk, dizze aksje. Mar mei ik der wol wat kanttekeningen bysette? Yn it foarste plak moat in skriuwer dat sels witte. Foarbyld: op ús legere skoalle ha in oantal âlden de bern út de heechste groepen sjen litten wat se sa al dogge. Oar jier mei ik ek fertelle oer it skriuwen. Dêr wol ik neat foar yn rekken bringe. As se my op in oare skoalle freegje leit de saak oars. Der is dus wol ferskil yn leafdewurk en tiid dêr't je in fergoeding foar ha wolle.

Foar it oare bin ik ik der folslein mei iens, de slútpost mei en moat net dyselde wêze dy't it materiaal levert. Dy konstruksje is yn alle lagen fan de hjoeddeistige wrâld werom te finen, en neffens my is dat de wrâld op syn kop. Opfretters yn de bestjoerslagen boppe de produksje binne sa stadichoan in grut bedjêr, hoe't it safier kaam is lit ik graach oan jimme oer om oer te oardieljen. As ik noch efkes trochskriuw freegje ik aanst ek noch in deihier oan de skoalle, en it is oars hjoed sa fredich, ik stopje der dus mar mei.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen