Sintraal Boekhûs

De grijze gaat je somstijden over de grouwe.

Stel: jo ha in pear boeken skreaun. Soks komt foar. En dêr bestelle jo in stik as wat fan, fia jo útjouwer. Neat te rêden, tante post bringt it spul keurich by jo thús. Op feesten ende partijen binne jo dan taret om de enorme fraach nei Fryske boeken oan te kinnen. Oant safier gjin nijs.

As ik wat bestel, ferwachtsje ik in rekken, neidat ik it guod krigen ha. It CB (Centraal Boekhuis) docht dat wat oars. Dy stjoere jo in 'overzicht openstaande facturen'. Wat no openstaande facturen? Ik ha nea in faktuer hân! Je fiele je dan daliks in wanbeteller, in krimineel, in lapswans dy't de brot net op oarder hat. 'Wij verzoeken u dit overzicht te controleren met uw eigen administratie'. No, dêr wie ik gau klear mei, gjin rekken fan it CB yn it laad te finen.

Ik bin fan de regelmaat. Ien kear yn de moanne betelje ik blijmoedich alle flauwekul dêr't ik in rekken fan krigen ha, en nim der dêrnei mar ien op. Wat moatte je oars. Kwyt binne je it dochs.
Komt der in goed wike letter noch in skriuwen út Culemborg. 'Verzoek tot betaling'. No moat it net mâlder! Ha se dêr sokke minne erfarings mei skriuwers dy't fan de sinten ôf moatte? Ik belje der hinne. 'Ja, dat is een geautomatiseerd systeem, meneer De Jong. Daar hebben wij geen invloed op.' Bollestront fansels, de minsken dy't dit systeem betocht ha, fêst foar mear jild dan alle Fryske skriuwers byelkoar fertsjinje, ha der in rotsoai fan makke.

Juster ha'k de boel oermakke. Nee, net hielendal. Ien sint te min. Sjen oft dêr ek in oanmaning fan komt. Burokraten, lit se sels de boel op oarder bringe, ynstee fan bodzjende skriuwers te narjen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen