Posityf stikje

Dit moat in posityf stikje wurde. Dat ha 'k my foar naam. Want as je sa'n wike yn de rimboe sitte, is de mobile tillefoan mei dêrop de twitter App hast it iennichste dat je fan de saken yn de grutte woeste wrâld op de hichte hâld. En dêr wurdt in protte ûnsin op publisearre. Ek troch my, ik jou it daliks ta. Yn de regel giet it nearne oer. Mar de bak ellinde dy'tje oer je hinne krije is net te leauwen. 


De euro's, de Gysberts, de otters, de sintrale assen, de plysjeberjochten fan de omrop, de foute publikaasjes, de waardeloaze websides, de snobbersreiskes, de seksskandalen, de krante dêr't gjin Frysk wurd mear yn stiet, de ûnbeändere mailtsjes, de jubileumgearkomsten, de ôfskiedsresepjes, de moslimoarloch, it mei stiennen deasmiten fan in widdowfrou en gemakshalve pakke se de dochter der ek noch by, en sa kin ik noch in moai skoft trochgean. En allinnich op de App fan twitter. Lit stean as de tv ek noch oanstiet, ik facebook en nu.nl riedplachtsje soe. 


Posityf, dat moast it stikje wurde. Ik leau net dat ik der yn slagge bin. Proost, salute, nastrovje en foaral: tsjoch! Op it goede nijs.      

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen