Listen sûnder CCR

We komme wer yn it part fan it jier mei alle oersjoggen. En dêr hearre de noadige listen by. Top 1000, top 2000, top 100 en noch folle mear toppen. Hawar, minsken wolle graach oeral in list fan gearstalle. Wylst je dat never nooit net mei elkoar iens wurde. Wat is de bêste auto? In Benz, of in Ferrari, of in Lelijken Eend, om dat dy it altyd docht? Siz it mar.

De bêste band yn de wrâld. Ek sa'n list. 'Beatles!' 'Nee, Stones!' Dêr is al wat oer ôfeamele. U2, Queen, Metallica, The Who, Pink Floyd of de Hûnekop? It is net te dwaan, sa'n list. Hjoed siet ik yn de nostalgy op YouTube.

Yn al dy listen komt eins nea de namme CCR as grutste band ea foar. En ik wol graach besykje jim derfan te oertsjûgjen dat soks miskien wol net terjochte is. Want wat ha dy mannen mei trije, heechút fjouwer akkoarden in skat oan muzyk efterlitten. En je kinne se allegearre, dat is it frjemde. Schoonheid door eenvoud.



Creedence clearwater revival. 



Ik bin gjin foarstanner fan oersetten fan alderhande muzyk yn it Frysk. Mar in liveshow mei CCR yn it Frysk? Dêr keapje ik in kaartsje foar!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen