Hjerstdepresje

As de blêden fan de beammen falle, binne der minsken dy't it allegearre net mear sa sitten sjogge. Sûnt dizze wike hear ik der ek by.

It is ferdikke net te leauwen. Foar myn gefoel is it boppe de tweintich graden yn de sinne, wylst de R al lang yn de moanne sit. Dat is gjin wurkjen sa. Te waarm om de trui oan, en as je him útdogge, moarn in seare bealch.

Ik wol helderheid. Der ha yn jierren net safolle nuten yn de boekebeammen sitten. Neffens alles dat ek mar wat ferstân fan it waar hat, moat der dan in strange winter komme. No, toe dan!!!

Pyt hie it lêstendeis oer snie yn novimber, dat siet der oan te kommen. Hy hie better reklame meitsje kinnen foar de nije bikinymoade. It wurket my op de senuwen, dit waar. Ik wol sangerjende minsken hearre. Dat se it sa kâld ha. Dat de kachel sa heech moat. Dat harren winterteannen opspylje. Dat it ekstereach yn de rjochter grutte tean noch mear tûket as ea earder. Dat allinnich Breuer noch mei koarte mouwen yn it fjild komt. Dat je fuotten nei de earste helte trilje, en dat der gjin sûpen mear tsjin opwoeksen is. Dat de kraan efter hûs útelkoar knapt, omdat it jo ûntkaam is, dy earste nacht mei tolve graden froast. Dat je de auto in kertier waarm draaie litte moatte. Dat je by it út de doar stappen daliks op de bek gean, omdat it ek noch izele hat. Dat de doar fan de auto net iepen wol, en je de slotontdooier netsjes yn de auto lizzen sjogge. Dat je dan de rubbers út de sponnings skuorre. Dat de Energieservice Friesland net te berikken is. De Gaswacht ek net. Nimmen is te berikkken, sels de nije meldkeamer yn Dr88 is hjir net op berekkene. Tichtferzen. Alles. Ik wol dat de stoofparren as stuiterballen út de beam miterje. Ik wol, ik wol...

WINTER!!! Ik wol winter, blinder.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen