Gnostyk. Wat sei...?

Juster bin ik nei in lêzing oer gnostyk west. 'Wêr hat it mantsje hinne west!?' hear ik jim tinken. Gnostyk. Yn it wurdboek stiet it sa: godstsjinstige, mystike lear út de twadde o/m fiifde ieu. Ja, jo dogge wat op in tiisdei. 


Mar it foel my net ôf. It komt net alle dagen foar dat ik in filosoof oan it wurd hear. (Behalve mysels. Haha, ynkopperke!! ;-) )
Bram Moerland hie in tige nijsgjirrige opfetting oer wat neffens him it leauwen betsjutte. Berne op it strange Tholen foel it him op dat de lear allinnich mar gie oer wat de minsken allegearre wol net ferkeard dienen. Hy kearde him dus fan de tsjerke ôf. Dêrnei in lang ferhaal oer in skat dy't yn 1945 fûn waard, in oantal geskriften, ferstoppe yn in krúk en letter neamd nei it plak dêr't se fûn waarden, Nag Hammadi.


Hawar, ik sil jim de omballingen besparje. Mar ien ding is wol wat hingjen bleaun. 
Op Wiki stiet dit: Eén van de belangrijkste thema's van de gnostiek is dat de mens van zichzelf vervreemd kan raken. Mensen kunnen vergeten wie ze zelf in werkelijkheid zijn.
Ik tink dat Moerland it der sels opsetten hat, juster brûkte er deselde wurden. 


No soenen je dat fansels daliks op it leauwen smite kinne, sykje de grutte baas en klear is it. Mar ek foar guon dy't ateïst binne sit hjir wol wat yn. Troch alle drokten en jeien dat we dogge, soenen je ferjitte kinne wat eins de kearnwearden binne. Foar tsjerkegongers is dat rychje wol helder, foar net leauwigen ek. 


Der is gjin wittenskiplik bewiis dat Jezus ea libbe hat, sei Moerland. Dat is by in protte minsken flokke yn tsjerke. Ek dat de ferhalen yn de bibel mei in kerrel sâlt naam wurde moatte, sil der net yngean as in preek yn in âlderling. 
Ek de opstanning út de dea, in fêststeand feit foar it gros fan de leauwende minsken. Oer de klean dy't fûn waarden yn de grêfkelder fan Jezus: Moerland sei dat it útdwaan fan al jo klean, dus it omkaft, de drokke baan, de wit ik wat in minske tsjintwurdich dwaande hâldt, der ta liede kinne soe dat je wer útfine wa't je sels binne. Mei de bleate kont yn de modder. En, heakke er der oan ta, lit elts leauwe wat er leauwe wol. Of net. Foaral dat er romte joech oan dat lêste, spruts my oan. It hie maklik west om te sizzen: sa is it en net oars. Dat liet er yn it midden. No, sa. 




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen