Frysk yn de LC, diel twa

No, dat wie my wat juster. Speerstra, Kootstra, De Vries en De Groot. En dêr mocht ik ek noch bysitte. Se koenen sels myn namme! No hat Abe my fansels it gers al foar in part foar de fuotten weimeand op:  http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/ . Dat ha je mei dy mannen, ik moat moarns earst oan it wurk, no? Ha, yndie, dat bier sil lekker west wêze, mar ik hie reade wyn. 'Twa bokbier en twa wyn,' sei ik tsjin it famke.
'Dat is dan € 14.95.´
´Wat sei...?' Ik kom dus net sa faak mear yn in kroech en hie de knaak it glês noch yn de holle. Toe mar.

It selskip bedarre dus op in terras, en dêr woe ik it mar oer ha. Net oer Hylke syn ferhalen, mar oer de Ljouwerter krante. In wike lyn skreau ik in bloch oer it Frysk yn de LC. En dêr bin ik juster net opteiner oer wurden. It skynt belied te wêzen dat artikels net mear yn it Frysk skreaun wurde. Inkelt útspraken, quotes dus, soenen noch yn de âlde taal yn de krante komme. En De Groot skriuwt ek, Dwers. Mar dat is it dan, en ik ha it net oer besprekken ensafh, mar oer gewoane artikels.
Op Facebook wie ik yn it chatpetear mei in redakteur fan de krante al earder ta de slotsom kaam dat it Frysk der net al te bêst opstiet by de LC.

It bier sil goed smakke ha, de wyn krige wat in nuvere bysmaak troch dizze wittenskip, opdien op in tiisdei yn de Hoofdplaats. 







Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen