Frysk en de Ljouwerter krante

De sneonskrante fan de LC. Altyd in moai begjin fan de dei. Mar foar minsken dy't hjir en dêr ek in artikel yn it Frysk ferwachtsje, in grutte teloarstelling.
Twa kear bin ik der trochhinne west, en de opbringst is gewoan bedroevend. It oantal artikels dy't folslein yn it Frysk skreaun binne: nul. Niks. Nada. Noppes.

Stiet der dan gjin Frysk yn de LC fan hjoed? Jawol. De krante bestie hjoed út 46 siden. 27 siden sneon en snein derop ta, en dan noch 30 siden oerstallich wennijs.

Yn it earste part komme allinnich útspraken yn it Frysk foar. Janna Eijer op side 7, sporters Sjoerd de Vries en Sybren Jansma op side 18. Op side 27 seit staalbewurker Bruinsma ek noch wat. Dan op siden 34-35 de programearring fan de Omrop.

Yn de sneon en snein op side 10 en 11 in pear sechjes fan Hosper en Kingma, dy lêste wurdt sitearre yn in kollum. Dan de bylage wonen: ien of twa rigels.

Dat is dus wat it haadblêd fan Fryslân der fan bakt op in gewoane sneon. Gjin inkel yn it Frysk skreaun stik, sels gjin ynstjoerd epistel dizze kear. No wol ik net sizze dat soks perfoast moat, mar ik fyn dat de LC him der mei in pear quotes wol tige maklik fan ôfmakket. It liket der hast op dat de redaksje fan de LC him wat it Frysk oanbelanget folslein op de bylage Freed rjochtet. Dêrmei wolle se dochs net oanjaan dat it Frysk wat harren oanbelanget ferwurden is ta kultuer?

Ik moat weromkomme op myn wurden. Der stie ien stik folslein yn it Frysk yn de LC fan hjoed. Mea Culpa, ik sil it net wer dwaan. Hokker stik dan? De kryptogram.

Noch ien ding: it falt op dat de berteberjochten de lêste tiid folle mear yn it Frysk opskreaun wurde. Let dêr mar ris op. Dat seit dat de jongerein it Frysk wol wurdearret. No de redaksje noch.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen