Evaluaasje, tips wolkom!

Oer it algemien ha 'k it mier oan fergaderjen. En myn aginda tilt der lokkich ek net fan op, mar moarn is it bingo. Twa stiks, op deselde tiid, en dat kin dus net. Nei ampele overwegingen sil ik nei Tresoar foar de evaluaasje fan de Moanne fan it Fryske boek 2011. Foar guon dy't witte wolle wat dy oare gearsit wie: de MR fan skoalle. Ek wichtich, mar dêr sit ik noch trije jier yn. Oan de MR leden (ik wit dat se myn bloch folgje): de oare kear bin ik der. Kinne se moarn mar rabje oer myn whereabouts, dy't net geheim binne, ik ha gjin relaasjeproblemen. Teminsten... Genôch hjir oer. ;-)

Tresoar dus. En mocht der in ferdwaalde besiker oan ien fan de jûnen yn it ramt fan de moanne fan it Fryske boek omrinne dy't hjir noch wat oer kwyt wol: graach. Twitterje en Feestboekje mar in ein wei, wij nemen het mee, en zullen er nog een keer naar kijken, om it mar ris amtlik op te skriuwen.

Kinne jim ek daliks myn Twitter folgjen gean, want dat sjit noch net echt op mei dy oantallen. En ik sil jim sizze dat dêr wichtich nijs publisearre wurdt... Foaral oer djipgeande saken sa as #studioajax. Ahum. No, alle tips binne wolkom!!!   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen