Dropfiterje mei deade skiep

Der wie sprake fan in fikse tebeksetter yn de Fryske sportwrâld.

Miskien dat jimme it meikrigen ha, it wrâldkampioenskip wetterpolo mei in geitekop as bal yn in noch droech steande fonteinfiver op it Saailân giet nei Yndonesië. Tige spitich. Mar je moatte yn kânsen sjen. Dus is de €60.000 dy't al yn de Olympyske spullen foar ûnder oare ljeppe oer in rige Inca-mummies sit, net weismiten jild. Nee, we moatte oanheakje by 2018, it dreamorgasme fan alles dat mei kultuer te meitsjen hat. Moai. Klear. Ferhaal út. Dat wie juster. 


Hjoed komt yn it nijs dat it wol tige dreech wurde sil om de Haadstêd fan de Neuro lannen te wurden. En wat tinke jim? Ja, hear. De Omrop skriuwt: 


Der binne plannen om in alternatyf sportevenemint yn Fryslân te organisearjen, no't de World Sport of all Games yn 2016 hjir net trochgiet. 
De tawizing fan it evenemint oan Yndonesië hat de Fryske delegaasje mei in fikse kater opsadele. Mar de plannen hoege noch net de iiskast yn. Der sil yn Fryslân no ek in soart World Sport of all Games komme. In datum foar it nije evenemint is der noch net. (OF)

Dus in plan fan in organisaasje dy't himsels ek noch serieus nimt, binne hjoed-de-dei ien kear de klok rûn al wer klear om yn it jiskefet smiten te wurden? 

It is al mei al in tryste saak. Ik wie och sa benijd nei it brûzend hichtepunt fan de Spullen: Dropfiterje mei deade skiep. Gjin idee wat it is, mar we sille der ek net achterkomme, want it giet net troch. 


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen