De grutte ûnbekende Middel

De boargemaster fan Smellingerlân (sis mar net Drachten) giet fuort. Ik sil him net misse. Net omdat ik de man net lije mei, mar omdat ik him net ken.

Wat soe de man foar de gemeente betsjutten ha? De Omrop hie fansels in razende reporter nei Philipstown jage om de minsken te befreegjen oer dizze drege kwestje. Ien fan de útspraken lei pynlik bleat hoe't de minsken mei de polityk en it dêr by hearrend omsittent laach dwaande binne. De persoan sei dat se de man misse soe. Omdat er goeie sei as se him tsjinkaam. En foar it oare wist se it eins net.

Der wie net ien dy't it wist. Wat hat Bert Middel nei Drachten helle? Hy seit dat er him no sa ferfeelde, omdat de wrâld wat mei de sinteraasje yn de mage sit. Dus komt der fan it boemeltsje tusken It Feen en Grins neat op de hispel. De Drachtster feart leit der noch like droech hinne as sûnt se him tichtsmiten ha. Dat hat Middel ek net flot lûke kinnen. It Raadhuisplein is dan no einliks dwaande om fan it treasteleaze bouput te feroarjen yn wat  op de tekeningen wol aardich liket.

Mar ek dat moast by de helsdoarren weihelle wurde, omdat net de gemeenteried baas yn Drachten is, mar de minsken yn it gebou skeanoer. As de Windgroep ho seit, stiet it hynder stil. En o water as er hoho seit.

Drachten as Middelpunt fan Noard Nederlân. Dat wie de dream fan Middel. No, ien kantoar hat Drachten dan al krigen, en dan bedoel ik in kantoar fan wat kwizekwânsje. De meldkeamer fan de plysje.

Hawar, Middel sil net de boeken yngean as de meast foar opskuor soargjende boargemaster. De keapsnein hat er der net trochkrigen, en ik tink dat er dat mar min fertarre koe. Hy sil no dykgraaf wurde. Mei in stoarmlampe en in súdwester op, noed stean foar droege fuotten.

Ik winskje him it bêste ta. Mar ien ding mei er om my noch wol efkes rjochtbreidzje. Sjoch, dat geëamel oer de gemeentenamme, dat is fansels wol in ferfelende kwestje. Smellingerlân bekke net yn Hollân. Dus moast it Drachten wurde. Ek dat, it wurdt in repetearjend ferhaal, hat Middel net klear krigen. Alteast, net yn de wetboeken en op de lânkaarten. Wol op de poststikken. En dat docht no wer sa ferhipte bernich oan. In bestjoerder dy't syn sin net krije kin en dan mar besiket hoe fier de macht út it gemeentehûs wei rikt. No, hy giet oant no ta net fierder as de sluven foar de jierlikse belesting. Dus, bêste Middel, helje dat Drachten der noch efkes ôf, dan is alles wer by it âlde.

   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen