Brutsen snaren


Soms binne je bliid dat Sinteklaas der is. Meastal net, omdat der dan listjes komme moatte. En ik ha meastal gjin flauwe jota fan wat ik dêr op sette sil. Mar hjoed kaam der help út net ferwachte hoeke. Ik wie fan doel om hjoed noch in stikje te skriuwen, mar je ha fan dy dagen dat soks net wol. Dan ha ik hjir sûnt koart in nije hobby njonken my stean, in gitaar. Leuk as ôfwikseling. Ik kin der gjin donder fan, mar it is och sa leuk. Siet ik lekker mei te spyljen, CCR of sa. Doe wie der dat momint dat ik weromtocht oan Pinkpop, it optreden fan The Foo Fighters. Dan kinne je hjir: ULTIMATE GUITAR TABS ARCHIVE 300,000+ Guitar Tabs, Bass Tabs, Chords and Guitar Pro Tabs! akkoardenskema's opsykje. Dus de elektrike gitaar oanslingere en ramme mar. Hearlik. Mar net goed foar de snaren. PATSPATS! Twa dwerstroch. Hupsakee, in item foar op it listje: snaren. Mar wat in geweldige band, dy Foo Fighters!!!








De ûnderste is fan Pinkpop 2011, wol wat oars as it orizjineel, mar foaral net minder!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen