Boetes noch fierstente leech

De Fryske plysje hat muoite mei de grutte ferheging fan ferkearsboetes. Neffens Hartgers fan de Fryske ôfdieling fan it Nederlânsk Plysjefakbûn binne de ferskillen mei oare boetes te grut.

Sa giet de bekeuring foar parkeare op in hendikepteplak fan 180 nei 340 euro. Ride troch reed ljocht giet omheech fan 180 nei 220 en ûnnedich toeterje kostet aanst 350 euro. Hartgers seit dat de ferhâldings no bryk binne. Sa smyt stellerij út in winkel aansen in lichtere straf op. De tariven wurde fêststeld troch de polityk, mar plysjeminsken moatte se oplizze. (OF)

No, it liket der mar op mei dit regear. De minsken wolle strangere straffen? Dan dogge we dat.
Je moatte altyd yn kânsen tinke. Dus de boetes binne noch fierstente leech! Se moatte se sa heech meitsje dat de plysjes it net mear mei droege eagen oan in tafallige ferdriuwflakrider ferkeapje kinne, en dus: lit mar waaie. Foar in part is dat no al sa, dus sjitte dy gelearden dêr yn Den Haach harsels wer ris yn de poat. Symboalpolityk, it giet hielendal nergens mear oer. Roppe en raze, en in wedstriid wa komt it faakst op TV.

It is foar de gemiddelde bystânsmem dy't de keardel de doar út trape hat omdat er bûten de pot pisse, net te hoopjen dat se moarnsier yn sân hasten de bern nei skoalle bringe moat. Want dat koe wolris op mei in heal beslein foarrút krekt troch oranje of read riden wurde. En je sille mar in plichtsgetrouwe diender treffe. Dan wurdt it in moanne lang nei de voedselbank. Lokkich ha we dy al mar mear, elk nadeel heeft zijn voordeel, no?






Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen